
← De toan fan fan 'e moarn7 jul 2021 · 5 min
De toan fan Froukje Sijtsma: "Skatsykje"
De toan fan Froukje Sijtsma: "Skatsykje"
"Se smyt har sparpot leech op 'e tafel. Se docht de brune 5 sinten by inoar. De gouden fan 10, 20 en 50. Nei de simmer giet myn famke Amber nei groep 3. Ik help har mei it tellen fan de munten en fertel dat se in royale 7 euro foar har lizzen hat. Se sjocht my mei grutte eagen oan en docht it jild yn har beurske.