De Vrieske Wike Podcast

← De Vrieske Wike Podcast4. Okt. 2024 · 48 Min.

#1 De Vrieske Wike: "Femke Wiersma bout troch op myn plannen. En dat is ek ferstannich."

#1 De Vrieske Wike: "Femke Wiersma bout troch op myn plannen. En dat is ek ferstannich."4. Okt. 202448 Min.

"Ik sjoch dat Femke trochbout mei har plannen op wat ik foarsteld ha. En dat is ek net sa ûnlogysk, en ik fyn it ek ferstannich." Dat seit âld-minister fan Lânbou Piet Adema yn De Vrieske Wike fan Omrop Fryslân. De politikus wie te gast yn de earste útstjoering fan it programma, lykas CDA-riedslid Wieke Goudzwaard út Ljouwert en sjoernalist Gerrit de Boer.