Sterke Yerke III

← Sterke Yerke III25 avr. 2021 · 22 min

De Sterke Yerke III #2 Echt ûnderweis

De Sterke Yerke III #2 Echt ûnderweis25 avr. 202122 min

It flot hat oan it swalkjen west. De goeie wyn wol mar net komme en der is tsjinslach: harren folchskip, de Blue Stone, reitsje se kwyt. Sûnder de Blue Stone is it hiel dreech it Kanaal mei it drokke skipfeartferkear oer te stekken. Uteinlik fine de Blue Stone en de Sterke Yerke elkoar wer yn Zeebrugge. Mar as der in swiere stoarm oankundige wurdt, beslute de mannen om de haven fan Hoek van Holland op te sykjen. As de stoarm oer is, besykje se opnij om Ingelân te berikken en no slagget it wol. It wurdt sels moai waar en stjoerman Guus Schweigmann fiert syn jierdei midden op see.